Taalburo
Popkema

Oan de slach mei in Frysk projekt? Taalburo Popkema helpt jo graach mei it Frysk yn de breedste sin fan it wurd. Hjir kinne jo terjochte foar ûndersyk, projekten, beliedsadvys, oersettingen en kursussen. Sa befoarderje en profesjonalisearje wy mei-inoar it Frysk!

Advys, oersettingen en mear

Projekten

Wolle of binne jo dwaande mei in projekt dat mei it Frysk te krijen hat, yn de breedste sin fan it wurd, en kinne jo dêr wol wat help by brûke? Lit dan jo earste tillefoantsje nei Taalburo Popkema wêze. Want dan dogge we dat! Ik doch der graach alles oan om derfoar te soargjen dat goeie ideeën slagje. En slagget it net fia de iene wei? Dan sykje wy tegearre de oare wei op. Mar we komme der wol.

Beliedsadvys

Wolle jo in ûndersyk útfiere litte dat mei it Frysk te krijen hat, bygelyks mei de Fryske taal, of de skiednis fan it Frysk? Taalburo Popkema helpt jo dêr graach by. Ik ha in protte erfaring mei it plannen en útfieren fan gruttere en lytsere wittenskiplike projekten op it mêd fan de Fryske taal en skiednis. Besjoch hjirfoar ek myn publikaasjes.

In spesjale foarm fan taalûndersyk is beliedsadvys op it mêd fan taal. Ik stean jo graach by yn de ûntwkkeling fan taalbeleid foar jo organisaasje, mei gefoel foar sawol de maatskiplike behoefte as de behoefte fan jo organisaasje.

Oersette

Wolle jo jo tekst oersette litte? Oft it no giet om in websidetekst, in saaklike tekst, in ekspirimintele roman, in oerheidsrapport of de reklamefolder fan de doarpsslager, by Taalburo Popkema sette wy jo tekst graach oer. Hjir kinne jo alles út it Dútsk, Ingelsk, Frysk en Nederlânsk oersette litte nei it Frysk of Nederlânsk.

Stoomkursus

Binne jo op 'e syk nei in stoomkursus Frysk, of in presintaasje oer de Fryske taal? Dan sitte jo hjir goed. Taalburo Popkema fersoarget moaie, ynhâldlike kwalitative presintaasjes en kursussen, wêr't jo mar wolle: by jo thús, of op de wurkflier.

Projekten

Warkum 1862

Waarden de earste yn Nederlân boude fytsen yn Warkum makke, troch twa smidden, yn 1862? Dêr hat it alle skyn fan. Ik wol dit skitterjende ferhaal, dat oant no ta meastal as anekdoate fuortset wurdt, syn plak jaan yn de fytshistoary. Sjoch ek op warkum1862.nl.

Midsiuwsk Frysk

Ik besykje om altyd dwaande te wêzen mei in ûndersyksprojekt op it mêd fan it midsiuwske Frysk of de Noard-Nederlânske boekskiednis. Moaier wurk is der net!

En fierder

Neist Taalburo Popkema hâld ik my ek dwaande mei oare saken. Besjoch se hjirûnder:

Wêrom Taalburo Popkema

Oanpakke

'Better hjoed goed as moarn better'. Net skoftenlang trochsykje nei de optimale oplossing, want dêrtroch rint in projekt faak krekt skea op. Ynformearje dy goed, mar pak dan in koers en hâld dêroan fêst, benammen yn de kwetsbere begjinfaze.

Eigenwiis

‘Net fan dat benaude’. As ien tsjin my seit dat eat net kin, dan leau ik dat fuort net. Mei kreativiteit, de goede minsken en in bytsje ‘we batse der mei syn allen even yn’-mentaliteit, komt men in hiel ein.

Netwurk

'Minsken is it skerpste ark'. Yn de rin fan de tiid ha ik al yn in soad keukens sjen en wurkje mochten. Sa ha ik in breed netwurk opboud. Dat is myn ark.

Wittenskiplik

'Witte, oars litte'. Net op basis fan oannames te wurk gean, want dêr krijst letter yn it proses fêst en seker spyt fan. Brûk de kennis dy't der is en belûk kenners by it projekt.

Better hjoed goed as moarn better
Net fan dat benaude
Minsken is it skerpste ark
Witte, oars litte
Previous slide
Next slide

Oer anne popkema

It haaddoel mei Taalburo Popkema is it befoarderjen en profesjonalisearjen fan it Frysk. Ik fyn dat we oer it algemien wol wat grutsker wêze meie op ús taal en wat hurder ús bêst dwaan meie om derfoar te soargjen dat it bliuwt én groeit, op nivo.

It ûntstean fan Taalburo Popkema is eins frij organysk gien. De wichtichste les dy’t ik yn myn wurkjende libben leard ha, is dat it ûnferstannich is om alles mar te plannen. Trochdat der eltse kear wat nijs op myn paad kaam, bin ik kaam wêr’t ik no bin.

Myn karriêre is begûn fanút de wittenskip. Ik ha nei myn stúdzje in oantal jierren ûndersykwurk dien nei it midsiuwsk Frysk, ûnder oaren by de Fryske Akademy en yn Kiel (D). Dêrnei bin ik mei oersetten begûn. Sa ha ik ‘The Hobbit’ oerset. Doe ha ik besletten it oersetten profesjoneel oan te pakken en ha ik yn 2009 myn eigen bedriuw start.

Yn de rin fan de jierren is Taalburo Popkema hieltyd wat feroare: fan oersetten nei it útjaan fan boeken (mei Regaad), nei it opsetten fan projekten. Dêr’t ik earst oan ‘e ein fan it proses siet, stean ik no meastal oan de basis derfan. It leafste betink ik sels hokker boeken of projekten kânsen biede om it Frysk te befoarderjen.

Neist Taalburo Popkema bin ik altyd trochgien mei lesjaan oan de universiteit Grins, ek om de bân mei de akademyske wrâld en de studinten te behâlden. Yn de wittenskip bin ik ea begûn, en dy bliuwt ek altyd yn myn hert.

Aktueel

Iuwboek Beyers Naudé 1921-2021

Foar myn âlde middelbere skoalle, it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé, makke ik tegearre mei in geweldige redaksje in prachtich boek "C", om it hûndertjierrich bestean...

Mear lêze