Wolkom :|: Tsjinsten :|: Oer Anne Popkema:|: Kontakt :|: Portfolio :|:|:|: Nederlands

Wolkom

Wolkom op de webside fan Taalburo Popkema.

Jo webside oersette yn it Frysk? In rapport op stavering hifkje? In moaie sollisitaasjebrief yn kreas Nederlânsk?

Taalburo Popkema is jo graach fan tsjinst by alle soarten fan oersetten, taalhelp en tekstkorreksje, yn it Nederlânsk en it Frysk. It Taalburo is in inisjatyf fan Anne Popkema. Ik help jo graach mei alles dat mei de Fryske of Nederlânske taal te krijen hat.

Taalburo Popkema kin jo de folgjende tsjinsten leverje (klik op de ûnderskate tsjinsten foar mear ynformaasje)

oersetting
tekstkorreksje
taalûndersyk
taalhelp (fergees)
presintaasje/stoomcursus
Jo kinne hjir frijbliuwend in offerte oanfreegje. Taalhelp op lytse skaal is fergees!

By Kontakt fine jo alle gegevens om in offerte oanfreegje te kinnen, fergees taalhelp te krijen of oare fragen te stellen.

Jo fine ûnder Oer Anne Popkema ynformaasje oer myn libbensrin en in oersjoch fan myn oersettings en wittenskiplike publikaasjes.
As jo witte wolle wa’t der ûnder oaren gebrûk meitsje fan myn tsjinsten, sjogge jo dan ris by Portfolio.

Nijs

No yn de winkel, myn oersetting fan:

Hjir te keap.